PAKEPRAAT. Fryske taal

Roel Oostra

PAKEPRAAT.oude wijn

PAKEPRAAT.vroeger

Hommo Hof

MANNEN ZING MEE

Loch Ness

PAKEPRAAT. Fryske taal

Friezen bin in nuver folkje mei in stive kop,
ha in eigen taal en skeppe dêr graach wat oer op.
Roppe dan fan Fryslân boppe, goai Hollân mar yn ‘e groppe .
En swetse oer ús heitelân docht mannich Fries  yn ‘t bûtenlân
want sa’n eigen Fryske taal is foar dat doel wol ideaal..
Mar stadichoan en sûnder erch, en dat stelt my swier teloar,
komme yn dat dierb’re Frysk de hollândismen troch de doar
We moatte hjiroer eins mar net in grutte mûle ha
want ús taal bewarje komme wy lang net oan ta !
Harkje mar ris yn ‘e buorren nei it deistige gepraat,
elkenien sit yn ‘e “schaduw” en gjin minsk mear yn it skaad.
“Soda” is gjin polke mear en pyn yn ’t liif docht net mear sear
want in liif is no in “búk” en in keunsje is in “trúk”
mei redens op it iis sil gjin minsk no mear fertelle
want de “schaatsen”  wurde ommers fan de souder helle
”Babyvoeding”  krij’ de  bêrn, ik krige tate fan ús Mem
Hieltiid, o mei’k net mear sizze want it is no ommers “steeds”
Heit syn broek is net mear sliten, nee dy grize broek is “sleets”.
in “kusje” wie alear in tútsje, in “pinda” wie in apenútsje
Die men eartiids in goeie kar, dan makket men no in “goede keus”
Doe hie elk minsk gewoan in noas, mar no hat men ferdeald in “neus”
en “telkens” wie alear hieltyd,  in dikke ”drol” gong troch foar skyt
In “handschoen” is gewoan in want, en in “kliënt” wie eartiids klant
ús “huisarts” wie doe simpel dokter en  “mest” wie doe noch dong
en ja, ús kapstok yn de “hal” hong doe noch yn de gong
de  “trommelkoek” wie eartiids stro, en pishimmels bin “mieren” no
ús appelsmots is “appelmoes” en in ferlechje is in “smoes”
dus lêzer, tink der mar ris oer, goai hollândismen yn it fjoer.
Faaks dat dit praatsje wat op smyt. Ta slot wol’k dit noch even kwyt :
ik gean nei boppen better klinkt as ik gean nei boven
en ik bin dwaande in stik better as ik bin bezig
en dat Wy de vierdaagse sille rinne heart as skourde klokken
want dat wy dy tocht rinne sille, as’t kin op fryske sokken.

Roel Oostra